Undersyk nije slûs by Starum

16 sep 2009 - 15:40

Provinsjale Steaten stelt 750.000 eruo tariedingskredyt beskikber foar in nije slûs by Starum. Deputearre Steaten tinkt dat de nije slûs goed 29 miljoen euro kostje moat. De nije slûs moat neist de besteande slûs komme, dy't te min kapasiteit hat. Boaten moatte simmerdeis faak oeren wachtsje.

De Steaten skriuwe in priisfraach út foar it bedriuwslibben om de slûs goedkeaper útfiere te kinnen. De Súdwesthoekegemeenten betelje tsien prosint fan de kosten mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)