Te hurd by Kollumerpomp

16 sep 2009 - 12:16

De plysje hat by in snelheidskontrôle yn Kollumerpomp twa rydbewizen ynnaam. In 48-jierrige automobilist út Holwert waard mei 176 kilometer yn de oere betrape op in dyk dêr't mar 80 tastien is. Op datselde trajekt moast ek in 45-jierrige automobilist út it Grinzer Eenrum syn rydbewiis ynleverje. Hy gie de kontrôle mei goed 149 kilometer yn de oere foarby.

De kontrôle wie tiisdeitejûn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)