Stiennen Flier krijt 3

16 sep 2009 - 10:58

It is min steld mei it tafersjoch yn swimbad De Stiennen Flier op 'e Jouwer. Dat docht bliken út in test fan de ANWB. Dy kontrolearre 25 swimbaden yn Nederlân. De Stiennen Flier helle by dy kontrôle in trije. Grutste oarsaak fan dat minne sifer is dat de badmaster neffens de ANWB sa no en dan gewoan by it bad weirint.

Swimbad De Welle yn Drachten is ek besjoen, dat swimbad krige in seis. Dêr is neffens de ANWB net genôch tafersjoch as it drok is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)