Nominaasjes Vredeman de Vries

16 sep 2009 - 10:20

Tsien ûntwerpen meitsje kâns op de Vredeman de Vriespriis. Dy provinsjale priis moat de belangstelling foar foarmjouwing fergrutsje. Foar de priis waarden dit jier 58 ûntwerpen ynstjoerd. In sjuery hat dêr de tsien nominaasjes útsocht.

It giet ûnder oare om de foarmjouwing fan it boek De kâlde Krústocht fan Hylke Speerstra, de hússtyl fan in advokatekantoar en in stek betocht troch keunstner Henk Rusman. Op 19 novimber wurdt de winner bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)