Tsjûgen socht fan brân Amelân

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei ynformaasje oer in brânstifting. Dat wie yn july dit jier op It Amelân. Doe waard moarns betiid brân makke yn de keuken fan in restaurant oan de Rixt van Doniastraat. De skea troch de brân foel ta om't dy sels útgie.
Neffens de plysje hiene de gefolgen oars net te oersjen west, omdat der minsken boppe it restaurant leine te sliepen. De plysje hopet mear ynformaasje te krijen fan tsjûgen.