Skrik om heechspanningsmêsten

16 sep 2009 - 09:54

In soad minsken binne bot skrokken fan it nijs dat se heechspanningsmêsten mei stroomkabels foar de doar krije. Dat die tiisdeitejûn bliken op de earste ynformaasjegearkomste op It Hearenfean.

De Amsterdammers brûke hieltyd mear elektrisiteit en dat moat fan de sintrale by de Eemshaven yn Grinslân komme. Dat bestjut dat der stroom troch Fryslân transporteard wurde moat fia kabels oan mêsten fan mear as fyftich meter heech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)