Bewensters werom nei susterhûs

Ald-bewensters krije rûnlieding yn it earder susterhûs
In tal âld-bewensters fan it susterhûs fan it eardere stedssikehûs yn Ljouwert komt nije wike sneon werom nei de eardere wenning. It giet om in inisjatyf fan it advokatekantoar Anker en Anker dat sûnt tsien jier it kantoar hat yn it eardere susterhûs.
Om de tsien jier te fieren waarden oproppen dien oan eardere bewensters. Fiifentritich fan har hawwe har meld. Sy krije sneon in rûnlieding troch it gebou en sille der ek lunche.