Grinslân bestriidt muskusrôt

Grinslân giet troch mei it fangen fan muskusrotten
De provinsje Grinslân giet troch mei it fangen fan muskusrotten. Earder wiene der plannen foar in proef om yn in tal gebieten de rôt syn gong gean te litten. De provinsje Fryslân makke dêr beswier tsjin fanwege de eangst dat it tal muskusrotten troch de proef tanimme sil yn Fryslân. Neidat der bettere ôfspraken makke wiene, gie Fryslân dochs akkoart.
Grinslân sjocht no fan de proef ôf fanwege de hege kosten.