25 miljoen minder foar Fryslân

Deputearre Sjoerd Galema
De provinsje Fryslân moat it jierliks mei 25 miljoen euro minder ynkomsten fan it Ryk dwaan, want der binne tiisdei op Prinsjesdag ekstra besunigings oankundige. Dêrtroch wurdt it neffens deputearre Sjoerd Galema dreech om ôfspraken mei it Ryk oer it meibeteljen fan de provinsje oan allerhanne projekten nei te kommen.
Dat kin betsjutte dat de Noardlike ekonomy foar in wichtich part stil komt te lizzen.