Konserten Meeuwis gean troch

Guus komt takom jier gewoan nei It Fean
De konserten fan Guus Meeuwis op It Hearrenfean kommend jier gean gewoan troch. Tiisdei is bekend wurden dat The Entertainment Group surseânse fan betelling oanfrege hat. Dat bedriuw fersoarget altyd de konserten fan Guus Meeuwis.
Wa't de taken van The Entertainment Group oernimt is noch net bekend, mar de Brabânske sjonger lit op syn ynternetside witte dat de konserten wol trochgean.