Oanpak N31 en rotonde nedich

Tiisdei wie it Prinsjesdei
De N31 by Harns en de rotonde by De Jouwer moatte sa gau mooglik oanpakt wurde. Dat seit Twadde Keamerlid Joop Atsma fan it CDA yn reaksje op de miljoenenota dy't it kabinet tiisdei presintearre.
As it kabinet beide projekten net sels nei foaren hellet, dan wol it CDA dat woansdei yn it Keamerdebat nei foaren bringe. It fersneld útfieren fan de projekten sil goed wêze foar de Fryske wurkgelegenheid, aldus Atsma.