Jagers tastien op Vliehors

15 sep 2009 - 15:12

Jagers op Flylân meie tenei ek op definsjeterrein De Vliehors op foksen jeie. Definsje hat by de provinsje in fergunning oanfrege en krigen om te soargjen dat der mei gewear en ljochtbakken op de foksen jage wurde mei. Dy bliuwe net by de grinzen fan it militêre oefengebiet stean.

Definsje hat oerlis mei de jagers om foar te kommen dat dy op it terrein binne as der krekt in militêre oefening geande is. Fleantugen smite mei bommen op it terrein.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)