Plysje freget help yn Haule

© Omrop Fryslân
De befolking fan de Haule en omkriten wurdt troch de plysje om help frege om saak op te lossen wêrby't ien kealtsje omkaam en noch folle mear fee yn gefaar brocht waard. It kealtsje kaam dizze simmer om by in brân yn in stâl en yn deselde perioade is der ek fee loslitten op oare lokaasjes yn de omjouwing.
De plysje hat noch net in soad ynformaasje oer wa't hjir ferantwurdlik foar is en siket tsjûgen.