Bakstiennen yn monumint

© Omrop Fryslân
Mei elkoar 3854 minsken hawwe ien of meardere bakstiennen mitsele yn it Groot Leeuwarder Monument op it Mercuriusplein yn Ljouwert. It monumint bestiet út goed 21.000 bakstiennen en sân kúb speesje. Ofrûne sneon waard de lêste stien lein.
In grut part fan de bakstiennen dy't oerblean binne, is nei de Praktykoplieding Bou Fryslân gien. It monumint bliuwt noch fjouwer moanne stean op it Mercuriusplein.