Fryslân measte ferkearsdeaden

It tal minsken dat yn Fryslân by in ferkearsûngelok om it libben komt, is it heechste fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de GGD Fryslân. Dy hold yn 2006 in sûnensûndersyk ûnder goed 7600 Friezen fanôf 19 jier.
Tsien prosint fan har hie yn de trije moannen foarôfgeand oan it ûndersyk in ûngelok hân dêr't se medysk by behannele wurde moasten. 75-plussers krije faker in ûngelok, foaral thús. Fan it tal ûngelokken ûnder âlderen bart 84 prosint yn de privee-sfear.