Fiskers stride om titel

15 sep 2009 - 10:52

215 sportfiskers út it hiele lân sille sneon by Ljouwert stride om de Nasjonale Kampioenstitel Individueel Senioren. De fiskers meie fjouwer oeren de angel útgoaie yn it Van Harinxmakanaal by de wenwyk Nijlân en by Goutum. It is foar it earst dat it kampioenskip yn Fryslân holden wurdt.

It probleem fan Fryslân is dat der net sa folle fearten en kanalen geskikt binne foar ynternasjonale en nasjonale wedstriden. Faak is it wetter net mei de auto te berikken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)