Herre Zonderland ek nei WK

15 sep 2009 - 10:04

Herre Zonderland is troch de KNGU oanwiisd foar it WK turnjen dat fan 13 oant 18 oktober yn Londen hâlden wurdt. Hy sil turnje op flier en sprong. Broer Epke Zonderland komt ek op twa tastellen yn aksje: brêge en rek. Dat betsjut dat er gjin mearkamp turnje sil, wylst er de limyt dêrfoar wol helle hie.

By de froulju sil Joy Goedkoop, lykas de bruorren Zonderland fan it Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean, nei it WK. Marrit Ewald is reserve.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)