240 studintewenten derby

14 sep 2009 - 16:56

Op it terrein fan 'e Kenniskampus yn Ljouwert komme 240 studintewenten. Wenningkorporaasje WoonFriesland hat dêrfoar in stik grûn tusken de Alde Mar en de Rengersleane kocht. Hoe't de studintewenningen der út komme te sjen wurdt noch bepraat mei de gemeente, mar it is wol de bedoeling dat it in oansprekkend gebou wurdt.

Tichtby de nije húsfesting hawwe jierrenlang 300 kontenerwenten stien, oan 'e râne fan it Rengerspark. Dêr wennen foaral bûtenlânske studinten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)