Plan foar nije iishal Ljouwert

14 sep 2009 - 14:29

De direksje fan 'e iishal yn Ljouwert presintearret no freed plannen foar in nije iishal. It hjoeddeistige kompleks is 30 jier âld en oan ferfanging ta. It bestjoer fan 'e iishal hat in folslein útwurke plan, mar wol noch net sizze oft de hal op itselde plak by it WTC Expo komme moat of by de Werpsterhoeke dêr't de gemeente in nij grut sportkompleks delsette wol.

Hoefolle oft de nijbou kostje moat en hoe't it mei de finansiering sit, wurdt freed bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)