Skarsterlân beslút oer Broek

De Broek by De Jouwer is bot ferdield oer it Tryntsje Wiel-plan. Klaas Kloosterman wol dêr in wetter - en natuerbûten oanlizze mei trije grutte wenten. Tsjinstanners miene dat it karakter fan it doarp dêrtroch te folle skeind wurdt.
Kloosterman hat syn plannen de lêste jierren oanpast. De wenten wurde minder heech en komme fierder fan it doarp ôf te stean. Dochs bliuwt it ferset. De ried fan Skarsterlân nimt moandeitejûn in beslút oer it plan.