Online Frysk leare yn 'e trein

14 sep 2009 - 11:43

Oeral dêr't je ynternette kinne, kinne je fan dizze wike ôf Frysk leare. Woansdei begjint de Afûk mei in nije ferzje fan Edufrysk, de nije ynternetlearomjouwing fan 'e Afûk.

Wethâlders Isabelle Diks fan Ljouwert en Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel sille woansdei mei in laptop op 'e skurte Edufrysk yn gebrûk nimme yn de trein fan Ljouwert nei Hurdegaryp. Edufrysk biedt de mooglikheid om allinnich of yn groepkes Frysk te learen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)