Feanster skopt en slein

14 sep 2009 - 10:08

In man fan 49 jier fan It Hearrenfean is sneintejûn yn syn wenplak mishannele. It slachtoffer fytste oer de Appelhof. Neffens him waard er sûnder oanlieding fan syn fyts skopt en slein. De man koe de plysje fertelle wa't de dieder wie. It giet om in 42-jierrige Feanster.

Dy waard noch deselde jûn oanholden troch de plysje en ynsletten op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)