Frou bedrige by ynbraak

14 sep 2009 - 10:01

By in ynbraak yn in wenning oan de Bloemkamp yn Drachten, is in frou (39) sneintemiddei bedrige. De frou gie in eintsje te kuierjen. Doe't se werom kaam, seach se dat har túndoar iepen stie. By de achterdoar stiene twa manlju dy't se net koe. In tredde persoan stie yn har wenning.

Doe't se de frou seagen, pakten de ynbrekkers har beet. Se waard bedrige, wêrnei't de fertochten útnaaiden. De plysje hat noch nei se socht, mar koe de ynbrekkers net mear fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)