Mei 190 oer de A32 by Grou

© Omrop Fryslân
In begjinnend bestjoerder (22) fan it Hearrenfean moast snein syn rydbewiis ynleverje, omdat er fierstente hurd ried. De man passearde op syn motor in snelheidskontrôle op de A32 by Grou. Dêr is 120 it maksimum, de Feanster ried hast 190 kilometer yn 'e oere.
Troch syn hege snelheid brocht er de oare ferkearsdielnimmers yn gefaar. De plysje sette de man oan de kant. Syn motor waard yn beslach nommen en ek koe er syn rydbewiis ynleverje. Hy hat proses-ferbaal krigen.