Houten brêge nominearre

14 sep 2009 - 09:32

De houten brêge oer de A7 yn Snits is gadingmakker foar in priis fan it prestizjeuze tiidskrift World Architecture News. It ûntwerp fan arsjitekt Achterbosch en it Grinzer buro Onix is ien fan de nominearre projekten yn de kategory stedsûntwerp.

De brêge Krúsrek is ien fan 41 ynstjoerings. Op 6 oktober wurdt de winner fan de priis bekind makke. Yntusken binne de architekten dwaande mei de útwurking fan in nije houten brêge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)