Dik ferlies De Jouwer: 6-0

13 sep 2009 - 17:49

Fuotbalklup De Jouwer hat snein ek syn twadde wedstriid yn de haadklasse ferlern. De keeper fan De Jouwer moast tsjin De Treffers út Groesbeek seis kear syn goal skjinmeitsje. By rêst stie it noch 2-0.

Yn Groesbeek krige Jouster Martijn_Roosenberg de earste grutte kâns, mar dy waard mist. Nei rêst koe De Treffers rap útrinne nei 3-0 en 4-0. Takom wike spilet De Jouwer thús tsjin Lienden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)