Veenema wint hurdrinnen

© Omrop Fryslân
Jan Albert Veenema fan Snits hat snein yn Burgum in hurdrinwedstriid oer tsien Ingelske milen wûn. Hy wûn dy wedstriid fan 16 kilometer yn in tiid fan 57,41. Stefan van der Pal út Ljouwert waar twadde mei in efterstân fan ien minút en sechtjin sekonden.
By de froulju wûn Mariska Kramer-Postma út Drachten yn in tiid fan 59 minuten en 58 tellen. Se wie rapper as nûmer twa Yvonne Kassenberg fan Burgum (1.08,56) dy't har parkoersrekôr kwytrekke oan de atlete út Drachten.