SCO ferliest mei 22-15 fan NIC

13 sep 2009 - 16:32

Kuorbalklup SCO fan Aldeholtpea hat snein yn de haadklasse B mei 22-15 ferlern fan it Grinzer Nic. Foar de rêst koe SCO troch hurd wurkjen in foarsprong nimme fan 11-7. Nic spile thús en kaam folle better út de klaaikeamers.

De Grinzers hiene mear konsintraasje en setten de efterstân fan fjouwer punten om yn in foarsprong troch doelpunten út kânskes ûnder de koer. Foar SCO wie dizze wedstriid it earste ferlies, nei de winst fan ferline wike.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)