Friesland House NY iepen

13 sep 2009 - 09:41

Op Governors Island yn New York is sneon in Friesland House iepene. It is it tredde Friesland House yn 'e wrâld, earder waarden al huzen iepene yn Amsterdam en Riga. Doel fan de huzen is om Fryske ûndernimmers oan opdrachten bûten de provinsje te helpen.

Yn it Friesland House yn New York sitte fjirtjin Fryske bedriuwen. De provinsje Fryslân betellet de kommende trije jier de helte fan de kosten fan it hûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)