Negerman wint loop Berltsum

12 sep 2009 - 17:37

Erik Negerman fan Hilversum hat sneon de Glazenstadloop yn Berltsum en Bitgum oer sechtjin kilometer wûn. De atleet, dy't in Fries om utens is, wûn dêrmei ek in Frysk kampioenskip tsien Ingelske milen.

Syn tiid fan 52 minuten en 29 tellen wie in parkoersrekôr. Twad waard Remon van Lunzen fan Ljouwert mei 53,02, dy't it rekôr fan de rapste tiid ferlear. Tredde waard Ben Stellingwerf út Onderdendam mei 54,47.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)