Iepen monuminte- en mûnedei

12 sep 2009 - 17:26

Tûzenen minsken besochten sneon tsjerken en musea op 'e iepen monumintedei. Sa wie der in tsjinst yn de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert, dy't har 125-jierrich bestean fiert.

De Roomske tsjerke is ien fan de 150 musea, tsjerken en oare monuminten dy't sneon har doarren iepenen op de jierlikse iepen monumintedei. Doel is om it publyk sjen te litten hoe ryk it kulturele erfguod yn Fryslân is. Ek de mûnen wiene te besichtigjen, want it wie ek iepen mûnedei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)