Gérieke de Groot keatsster '09

12 sep 2009 - 17:16

Gérieke de Groot fan Sint Anne is de bêste keatsster fan 2009 wurden. Op de lêste keatspartij foar de haadklasse froulju sneon yn Marsum, wûn har partoer mei Maaike Joostema en Maaike Osinga de krâns.

Se hie dêrtroch yn it klassemint genôch punten foarsprong op Afke Hijlkema, dy't twad waard. Keatssters Fenna Zeinstra en Maaike Joostema waarden dield tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)