Ljouwerter monumint is ôf

12 sep 2009 - 17:14

It monumint foar en troch alle Ljouwerters is ôf. Sneontemiddei waard de lêste stien lein. Tûzenen ynwenners fan de stêd ha dizze wike meiboud oan it saneamde grut Ljouwerter monumint.

It keunstprojekt is betocht troch it Fries Museum, dat sa de Ljouwerter arsjitekt W.C. de Groot betinke wol. De Groot wie de betinker fan ferneamde gebouwen en wiken yn Ljouwert. It Ljouwerter monumint op it Mercuriusplein sil likernôch fjouwer moanne stean bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)