Trofee foar monumintekomitee

© Omrop Fryslân
It komitee foar de iepen monumintedei yn Skarsterlân hat sneon fan de Rabobank in trofee krigen. De Vastgoedgroep fan de bank beleant mei de trofee de ynset en belutsenens fan minsken by de monuminten.
By de trofee heart ek in jildbedrach fan twatûzen euro. Elke provinsje hat in eigen winner. Der binne 350 lokale komitees beoardield. De iepen monumintedei is mei hast 900.000 besikers ien fan de grutste kulturele eveneminten.