5000e dielnimmer foar Trials

12 sep 2009 - 14:55

De training foar ynsjoch yn it ferkear, Trials, hat sneon de 5000e dielnimmer ferwolkomme. Trials is in inisjatyf fan it ferbûn fan fersekerders, Veilig Verkeer Nederland en ferskate provinsjes.

De training is bedoeld om jonge bestjoerders in better ynsjoch te jaan yn de risiko's fan it ferkear. Neffens deputearre Piet Adema, dy't de 5000e dielnimmer lokwinske, dogge der dit jier 400 Fryske dielnimmers mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)