P. Stuyvesant sintraal yn NY

Yn New York waard freed stilstien by de oanslaggen op de Twin Towers op 11 septimber 2001. Der wie ek in soad omtinken foar de Nederlânsk-Fryske koloniaal Peter Stuyvesant. Der waard in spesjale beam foar him plante.
Yn New York is fan 'e wike de fiering fan it feit dat 400 jier lyn de earste Nederlanner foet sette yn wat letter New York waard. Der is ek in grutte Fryske ynbring by de festiviteiten. Sneon is de Fryslândei yn New York.