Ynwijing Roomske tsjerke Heech

© Omrop Fryslân
De Roomske tsjerke fan Heech wurdt snein ynwijd troch biskop Gerard de Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert. Om ferskate redenen is de 133 jier âlde tsjerke noch hieltyd net ynwijd.
Yn in eucharistyfiering ûnder lieding fan de biskop sille tolve krúskes yn de tsjerke salve wurde. Dy krúskes ferwize nei de tolve apostels. Nei ôfrin fan de fiering krijt ien fan de frijwilligers fan de tsjerke de biskoplike Bonifatiuspenning.