Aksje tsjin molkeprizen

Ype Reinsma út Skraard is ien fan de boeren dy't meidocht oan de aksjes fan de melkfeehâlders tsjin de lege molkeprizen. Hy dielt de molke fergees út, lit in part fuortrinne en de flagge giet healstok. Mei spandoeken lit de boer it doel fan de aksje sjen.
Leden fan de European Milk Board besleaten ôfrûne wike om aksje te fieren tsjin de yn har eagen te lege molkeprizen. Boeren yn Frankryk rinne foarop, mar krije stipe fan boeren yn oare lannen.