Meagere winst Cambuur

Mark de Vries (foto: Dirk Jan Haarsma)
SC Cambuur hat freedtejûn de útwedstryd tsjin Fortuna-Sittard krap mei 2-1 wûn. De Ljouwerters wiene it grutste part fan de wedstryd better, mar makken gjin dien wurk. Rudy Jansen tekene nei 33 minuten de 0-1 oan. Tweintich minuten nei de tee makke Mark de Vries der 0-2 fan.
Troch in blunder fan ferdigener Léon Hese waard de wedstryd flak foar tiid dochs noch spannend. Paul Voss makke de 1-2. Mar fierder kaam Fortuna net. Cambuur stiet no tredde mei 15 punten.