Ald-Cambuurspiler ferstoarn

11 sep 2009 - 19:14

Ald-fuotballer Henny van Schoonhoven fan Cambuur is freed op 39-jierrige leeftyd ferstoarn nei in slimme sykte. Hy hie kanker. Van Schoonhoven spile tusken 2000 en 2002 as ferdigener 42 kompetysjeduels foar Cambuur.

Dêrfoar kaam Van Schoonhoven út foar FC Utrecht en ADO Den Haach. De spilers fan FC Utrecht sille sneon yn de útwedstriid tsjin FC Twente roubannen drage om Van Schoonhoven te betinken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)