Sukses útstalling oer servizen

© Omrop Fryslân
De tentoanstelling oer houliksservizen yn keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat de 20.000ste besiker lutsen. De útstalling rint sûnt april. Opfallend is dat in soad besikers út it suden fan Nederlân komme. In Belgyske frou woe it 75-jierrich houlik fan har âlders betinke by dy harren servys, dat der ek te sjen is.
Scherven en Geluk, sa't de tentoanstelling hjit, wurdt foaral besjoen troch froulju fan boppe de 55, neffens it museum.