Sikeboech It Fean wurdt leger

11 sep 2009 - 15:33

De sikeboech by sportklup Hearrenfean wurdt wer wat leger. Sa kinne Roy Beerens en Viktor Elm sneon yn de wedstriid tsjin FC Grins wer meidwaan. Beerens is hersteld fan in ankelblessuere. De kwaal fan Elm is noch hieltyd net dúdlik. De Sweed wie siik, mar trainde dizze wike wer goed mei. Ek Michal Svec en Gerald Sibon binne fit genôch foar sneon.

Mika Väyrynen traint de lêste tiid wer mei en syn herstel ferrint goed. Smárason is fan 'e wike operearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)