Goed ûndersyk Fryske Akademy

11 sep 2009 - 14:09

It wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske Akademy is as gehiel "zeer goed" en op bepaalde ûnderdielen sels "excellent". Dat stiet yn it rapport dat in eksterne fisitaasjekommisje skreaun hat. De kommisje neamt it wol "earnstich" dat by de Akademy mar sa'n bytsje froulju yn de wittenskiplike stêf wurkje.

De útkomsten fan it ûndersyk binne opmerklik om't de Fryske Akademy de lêste jierren op finansjeel mêd in pear kear negatyf yn it nijs kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)