Fryske skriezen yn Afrika

De stjoerders binne fan 't maitiid operatyf ynbrocht
Bakhuzen, Ferwâlde, It Heidenskip of Molkwar. It binne Fryske plaknammen dy't op it stuit op 'e kaart fan Afrika werom te finen binne. Op it stuit fleane dêr nammentlik sa'n 15 skriezen mei stjoerders om dy't neamd binne nei Fryske plaknammen.
Dy stjoerders ha se fan 't maitiid yn Súdwest-Fryslân meikrigen mei help fan Amerikaanske ûndersikers, minsken fan de Ryksuniversiteit Grins en ekologysk ûndersyksburo Altenburg en Wymenga.