Frysk as stipe foar MBU'er

© Omrop Fryslân
Om MBU'ers te helpen by har syktocht nei wurk kinne se fan de provinsje in sertifikaat Frysk krije. Dêrmei kinne se bewize dat se de Fryske taal machtich binne. Út eigen ûndersyk fan de provinsje docht bliken dat bedriuwen yn Fryslân hieltyd faker freegje om in goede behearsking fan it Frysk fan har personiel.
Mei sa'n sertifikaat moat it foar de learlingen dy't krekt fan skoalle komme makliker wurde om binnen te kommen by dy bedriuwen.