Man wol hûs yn 'e brân stekke

11 sep 2009 - 10:49

In 40-jierrige ynwener fan Drachten hat tongersdei besocht om syn eigen hûs yn de brân te stekken. De man hie spul mei syn húsgenoaten. Doe't de plysje kaam, rûkten se in brânlucht en seagen se brânplakken yn de flierbedekking.

De húsgenoaten seine dat sy it fjoer sels útmakke hiene. De fertochte hie tefolle dronken. De plysje hat him meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)