Fytser oanriden troch auto
In man fan 42 jier út Drachten is tongersdei op de Nipkowleane yn dat plak ferwûne rekke by in ûngelok. De man stuts op syn fyts in krúspunt oer, mar seach net goed út. Hy waard oanriden troch in auto, mei dêryn in man út Gerkeskleaster.
De Drachtster is mei ferwûnings oan de skonken en brutsen ribben nei it sikehûs brocht.