Yllegale kollektante oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei yn Frjentsjer in ein makke oan in yllegale kollekte. In 35-jierrige frou út Frjentsjer wie mei har twa bern by de doarren del om jild op te heljen foar bern yn Afrika. Buertbewenners fertrouden it net en bellen de plysje. Dy fûn de fou yn de Spaarbankstrjitte. Se hie gjin fergunning en se koe ek net fertelle wêr't it jild no krekt foar wie.
De frou en de bern binne meinaam nei it buro. De tsien euro dy't se byelkoar helle hiene, ha se ynlevere.