Famke ferwûne by oanriding

11 sep 2009 - 10:41

In famke fan 13 út Koudum is tongersdei yn har wenplak ferwûne rekke by in oanriding. It famke stie achter in bus en stuts samar ynienen de dyk oer. In autobestjoerder koe har net mear ûntwike.

It slachtoffer bedarre fia de motorkap op de dyk. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)