Pessimisme oer ekonomy

De bou hat it dreech
Undernimmers yn Noard-Nederlân binne pessimistysk oer de ekonomyske situaasje. Bedriuwen yn alle sektoaren ferwachtsje yn it tredde fearnsjier earder in delgong fan de omset as in stiging. Dat docht bliken út sifers fan de Keamer fan Keaphannel, VNO-NCW, MKB, CBS en it Ekonomisch Instituut voor de Bouwnijverheid.
Ien op 'e trije bedriuwen hawwe de ôfrûne trije moanne wurknimmers dien jaan moatten. It tal falliseminten en opheffings is mei 50 persint tanaam.